Untwerpwedstryd foar nij omslach Noorderbreedte

18 feb 2016 - 12:24

Fanwegen it 40-jierrich bestean fan Noorderbreedte, hâldt it tydskrift in ûntwerpwedstryd. Studinten yn Noard-Nederlân kinne in omslach meitsje foar de edysjes fan takom jier. Tema is noarderlingen.

Noorderbreedte skriuwt sûnt 1977 oer ûnder oaren natuer, lânskip, miljeu, arsjitektuer en keunst. Studinten kinne harren ûntwerp ynstjoere oant 1 septimber. In sjuery kiest de fiif winners.

Yn it grafysk museum yn Grins is oant en mei 3 april de tentoanstelling Gecovered te sjen. Dy jout in oersjoch fan alle omslaggen fan Noorderbreedte.

Trefwurden: 
Noorderbreedte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)