ONS: kampioenskâns gâns lytser

21 apr 2012 - 16:52

Haadklasser ONS Snits ferspile sneon foar in grut part de kâns op it kampioenskip. De Snitsers ferlearen yn en tsjin Nunspeet mei 3-1. Yn de earste helte kaam Nunspeet op in 1-0 foarsprong. Yn de twadde helte sette Nunspeet de 2-0 op it skoareboerd. Patrick Goedhart brocht de spanning werom troch 2-1 te skoaren. Beide ploegen krigen yn de twadde helte in protte kânsen, mar Nunspeet makke úteinlik de 3-1 en pakte trije belangrike punten.

Koprinner WHC ferlear sneontejûn mei 1-0 by CSV Apeldoorn. DETO wûn mei 5-2 by Oranje Nassau en is no de nije listoanfierder mei 46 punten. WHC hat 45, ONS 43. Der wachtsje de ploegen noch twa wedstriden.

Drachtster Boys is sneon troch it 0-0 lykspul tsjin Staphorst degradearre út de sneonshaadklasse. De hiele wedstriid wie Drachtster Boys de bettere ploech, mar de ploech fan trainer Jan van Raalte koe de goal net fine. Jan van Raalte is takom seizoen trainer fan Staphorst.

Trefwurden: 
fuotbal Drachtster Boys ONS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)