"Yn 2030 is ien op de fjouwer Friezen 65+"

18 feb 2016 - 11:46

Yn 2030 is mear as ien op de fjouwer ynwenners fan Fryslân 65 jier of âlder. Fan 2025 ôf is it tal 75-plussers yn de provinsje heger as it oantal minsken fan 65 oant en mei 74 jier. Dat meldt it FSP, it Fries Sociaal Planbureau.

Op it stuit is ien op de fiif Friezen 65 jier of âlder. Gemeenten dêr't relatyf de measte âlderen wenje, binne Harns, East- en Weststellingwerf en Skiermûntseach. De tanimmende fergrizing komt foaral trochdat de generaasje fan nei de oarloch sa njonkelytsen 65 jier en âlder wurdt.

Ien fan de gefolgen is neffens it FSP dat de fraach nei soarch bot tanimme sil. Neffens it buro moat de Fryske mienskip mear ôfstimd wurde op de fergrizing, ûnder oare wat de wenningbou oanbelanget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)