Metalfestival Into The Grave hat line-up kompleet

Muzykfestival Into The Grave © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
De lêste twa bands foar metalfestival Into The Grave yn Ljouwert binne bekend. It binne de Kanadeeske metalband Voivod en it Amerikaanske Unearth. Programmeur Paul van Berlo is tige tefreden oer dizze lêste twa bands. Neffens him hat Into The Grave dit jier in grut ferskaat oan stilen, mei grutte nammen en oanstoarmjend talint.
Into The Grave is dit kear foar it earst op twa dagen. Op freed 12 augustus spylje ûnder oare Slayer en Airbourne, in dei letter Kreator en Exodus. Op beide jûnen binne der nei ôfrin noch optredens yn kultuersintrum Neushoorn yn Ljouwert.