Mooglik opfang foar 300 flechtlingen yn Feanwâlden

18 feb 2016 - 10:36
  • It read arsearre flak jout oan wêr't de opfang komme moatte soe
  • Oan de rjochterside fan dit paad komt mooglik de needopfang

Der komt mooglik in tydlike needopfanglokaasje foar maksimaal 300 flechtlingen op yndustryterrein De Swette yn Feanwâlden. It giet om in opfang foar in perioade fan ien oant trije jier. De gemeente Dantumadiel hat dit oanbean oan it COA, mar it is noch net bekend oft it COA it oanbod oannimt.

Der is tongersdeitejûn in ynformaasjegearkomste yn Talmahoeve yn Feanwâlden. Dy is besletten en allinnich tagonklik foar omwenners en belutsenen. Nije wike is der in iepenbiere gearkomste oer de opfang. 

De gemeenteried fan Dantumadiel nimt op 5 april in beslút oer it oanbieden fan de lokaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)