Jeugd bout oan takomst mei Sipke Jan Bousema

Goed 800 achtste-klassers út gemeenten yn Noardeast-Fryslân wenje tongersdei yn Dokkum in show by fan tv-presintator Sipke Jan Bousema. De âld-Dokkumer wol mei it lesprogramma 'Bouw je eigen Toekomst' bern dy't op it punt stean om nei it fuortset ûnderwiis te gean, bewust meitsje fan harren eigen talinten en kânsen foar de takomst.
Bousema docht dat op it poadium mei in saneamde 'lifeclass'. Jeugd wurdt dêrby op teatrale wize meinaam nei tema's as ynspiraasje, takomst, talint en sûn libje. By it projekt binne ek regionale bedriuwen út Noardeast-Fryslân belutsen.