Kolleksje Noardske balken ferhuzet fan Fryslân nei Noarwegen

In kolleksje fan tritich muzykynstruminten mei njoggentich technyske tekenings fan de ynstruminten ferhuzet yn april fan Bontebok nei Fagernes yn Noarwegen. It giet dan om de Noardske balke of ynstruminten dy't dêrop lykje. Sy binne fan Evert Kluter dy't dêr fjirtich jier lang tiid yn stutsen hat. Hy boude, beskreau en bespile de ynstruminten sels.
Kluter hat in soad troch Skandinavië reizge en dêr fêstlein wat er tsjinkaam oan Noardske balken. Yn Nederlân hat gjinien ynteresse yn it oernimmen fan de kolleksje.
Foardat alles op reis giet, is de kolleksje noch te besjen op in útstalling yn atelier De Karriefarriemeulen op It Hearrenfean. De útstalling is te sjen fan 24 febrewaris oant en mei 31 maart op de woansdeitemiddei, sneontemiddei en sneintemiddei.