Bedriuwen skjinne technology stekke de koppen byinoar

De Kânselarij yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Fryslân moat dé provinsje wurde dêr't begjinnende duorsume ûndernimmers suksesfol úteinsette kinne. Dat is de ynset fan Be Start, in inisjatyf fan Wetterkampus Fryslân, Ecommunitypark Easterwâlde, Paques út Balk en ôffalferwurker Omrin. It is briedplak foar startende bedriuwen op it mêd fan skjinne technology.
Yn Ljouwert binne dizze dagen seis bedriuwen dwaande mei ferbettering fan it ûndernimmingsplan. Dat moat liede ta nije wurkgelegenheid. De bedriuwen binne foaral aktyf yn 'e sektor dy't ôffalstofen brûkt foar nije produkten.