LIVE: Wa falt yn de prizen op it Sportgala Fryslân

17 feb 2016 - 19:34

In spannende jûn foar de Fryske sportwrâld. Op It Hearrenfean wurdt it Sportgala Fryslân hâlden. Wa is de bêste sportman, -frou, -ploech, hendikepte sporter, beoefener fan Fryske sporten en assistint fan it talint? 

Folgje it gala live op Omrop Fryslân Telefyzje of fia de omrop-app. Dêrneist docht Sport Fryslân live ferslach op Twitter. It Sportgala begjint om 20.00 oere.

Dit binne alle nominearren:

• Sportman fan it jier: reedrider Jorrit Bergsma, gersbaanracer Jannick de Jong en shorttracker Sjinkie Knegt
• Sportfrou fan it jier: sylster Marit Bouwmeester, turnster Sanne Wevers en reedrydster Ireen Wüst
• Sportploech fan it jier: Nederlânsk turnteam froulju, ploege-achterfolging reedriden manlju, follybalklup Snits froulju
• Sporttalint fan it jier: judoka Natascha Ausma, swimster Marrit Steenbergen en judoka Sanne Vermeer
• Fryske Sporter fan it jier: skûtsjeskipper Dirk Jan Reijenga, keatster Manon Scheepstra en keatser Taeke Triemstra
• Hendikapte sporter fan it jier: hynderrydster Rixt van der Horst, hurdfytster Alyda Norbruis en swimmer Olivier van de Voort

Trefwurden: 
sportgala
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)