FIDEO: Nei 46 jier by V&D moat Rommie nije baan sykje
It is in dei nei de sluting. De Ljouwerter V&D is nei 91 jier ticht. En dat falt swier. Foaral by guon meiwurkers, dy't in grut part fan harren libben by it warehûs wurke hawwe. Lykas Rommie Bouma fan Ferwert. Sy moat nei 46 jier trouwe tsjinst op syk nei in nije baan.