Gemeente Hearrenfean ûndersiket nij parkearbelied

17 feb 2016 - 15:26

De gemeente Hearrenfean ûndersiket oft der mear of minder betelle parkearplakken komme moatte yn de gemeente. Ek wol de gemeente witte oft der mear sônes komme moatte mei in parkearfergunning. It parkearbelied dat de gemeente op dit stuit hat, is fêststeld yn 2007.

Yn de tuskentiid is der in soad feroare, seit wethâlder Hans Broekhuizen. Sa binne der hieltyd mear minsken mei in auto yn de gemeente en winkelje minsken in soad mear online. De gemeente tinkt dêrom nei oer in nij parkearbelied.

Enkête

Dit jier sil de gemeente in pear kear om tafel mei saneamde 'stakeholders', lykas de Heerenveense Ondernemers Vereniging, hoareka-ûndernimmers en ek sportstêd. Ek hat de gemeente enketearre yn it sintrum fan It Hearrenfean om sa te hearren wat de ynwenners fan Hearrenfean fine fan it parkearbelied.

Nije wike wurde de resultaten fan dy enkête presintearre oan de stakeholders. Yn desimber sil de gemeente bepalen oft it parkearbelied feroare wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)