Dilemma provinsjebestjoer oer net rendabele buslinen

De provinsje wol buslinen mei in bytsje reizgers mooglik ferfange troch oare foarmen fan iepenbier ferfier. Dat stiet yn in brief dy't it provinsjebestjoer stjoerd hat nei de leden fan provinsjale steaten.
It kolleezje fan deputearre steaten seit yn de brief dat guon buslinen it wol drok ha yn de spitsoeren mei studinten en minsken dy't nei harren wurk reizgje, mar dat it de rest fan de dei rêstich is.
Dilemma
De provinsje seit foar in dilemma te stean: of ynvestearje op net rendabele linen óf sykje nei maatwurk, lykas de belbus. Op it dilemma moat yn 2020 in antwurd komme as der in nije konsesje foar it iepenbier busferfier komt. Foar dy tiid prate provinsjale steaten oer de takomst fan it busferfier yn Fryslân.