Reaksjes op ein Catshuisoerlis

21 apr 2012 - 15:43
  • Otto van der Galiën fan de PVV

De Fryske steatssekretaris Joop Atsma fan Surhústerfean is sneon mei in sms op de hichte brocht fan it mislearjen fan de besprekkingen yn it Catshuis. Neffens him is de sitewaasje no hiel ûndúdlik wurden. Hy wachtet op fierdere ynformaasje foardat hy reagearje kin. Fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan de steatefraksje fan de PVV yn Fryslân fynt it spitich dat de ûnderhannelings mislearre binne, mar hy fynt it logysk dat Wilders opstapt is, as de gefolgen fan de besunigings foar de leechste ynkommens te grut binne.

Otto van der Galiën tinkt dat der no nije ferkiezings komme.

Neffens boarnen yn Den Haach is Wilders opstapt út it oerlis, om't er de ôfspraken oer 14 miljard euro oan besunigings net foar syn rekken nimme kin.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)