Vriendenloterij ferdielt goed 100.000 euro yn Fryslân

Ien fan de fjilden fan De Graspiepers dy't oan ferfanging ta is © Oetze Deelstra - Omrop Fryslân
De Vriendenloterij ferdielt 103.000 euro oer 99 klups en ferieningen yn Fryslân. Hockeyferiening De Graspiepers yn Drachten kin mei 8.000 euro it heechste bedrach byskriuwe op de bankrekken. Oare klups binne ûnder oare SC Boalsert, SC Frjentsjer en de Advendo Korpsen yn Snits.
Dielnimmers oan de lotterij kinne der foar kieze in eigen organisaasje te stypjen. De helte fan elts ferkocht lot giet dan streekrjocht nei de klupkas. De Vriendenloterij hat sa sûnt 1998 42,6 miljoen euro útkeard oan organisaasjes.