Frysk tongersdei beskikber yn Google Translate

17 feb 2016 - 11:55

Fan tongersdei ôf is it mooglik om mei Google Translate online teksten fan en nei it Frysk oer te setten. En Google is de Friezen dy't dêr oan meiwurke ha dêr tige tankber foar. It bedriuw wol alle ynformaasje oeral tagonklik meitsje, seit de direkteur fan Google Nederlân, en it oersetprogramma moat derfoar soargje dat alle bewenners fan de wrâld meimekoar prate kinne. De ôfrûne moannen ha tûzenen Friezen meiholpen om de Fryske wurden goed yn it oersetprogramma te krijen.

Belangrike stap

Ek deputearre Sietske Poepjes is út de skroeven. Neffens har is dit in belangrike stap foar de takomst fan it Frysk. Se hopet dat mear minsken it skreaune Frysk brûke sille, no't dit oersetprogramma der is. 

99%

Op dit stuit binne der sa'n 100 talen beskikber yn Google Translate en der komme hieltyd mear by. 99% fan de minsken op de wrâld sprekt in taal dy't yn it oersetprogramma beskikber is. Friezen kinne aanst dus mei hast elkenien yn it Frysk kommunisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)