Koälysje-oerlis mislearre

21 apr 2012 - 15:06

It koälysje-oerlis oer oanfoljende besunigingen is sneontemiddei mislearre. Underhannelers fan CDA, VVD en PVV prate al sân wiken oer oanfoljende besunigingen fan sa'n 14 miljard euro. PVV-lieder Geert Wilders ferliet sneontemiddei it Catshuis yn Den Haach. Neffens minsken dy't ticht by it fjoer sitte kin Wilders nei oerlis mei syn fraksje de ôfspraken net foar syn rekken nimme. Freed krigen de ûnderhannelers fan VVD, CDA en PVV berekkeningen fan it Centraal Planbureau oer de gefolgen fan de besunigings foar ûnder oare wurkgelegenheid.

Boarnen yn de VVD en it CDA toane har oerfallen troch it fuortgean fan Wilders. Hy stapte earder ek al ris út it beried, mar skode letter wer oan. Om 16.15 oere komme premier Rutte en Verhagen fan it CDA mei in ferklearring. Ek PVV-lieder Geert Wilders soe om 16.15 oere reagearje op de mislearre ûnderhannelings, mar hat dat letter ferskood nei 16.30 oere. Hy docht dat yn it gebou fan de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)