CNV: Undersykje fallisemint V&D

17 feb 2016 - 11:20

It fakbûn CNV ropt de kuratoaren fan V&D op om te ûndersykjen hoe't it grutte bedriuw fallyt gean koe. It is neffens it fakbûn wichtich om te learen fan de fouten dy't by V&D makke binne. 

Foar it fakbûn is fierder gjin rol weilein yn de ôfhanneling fan it fallisemint. Wol soarget it fakbûn foar stipe foar de 8.000 meiwurkers dy't ûntslein binne. Dat kin gean om juridyske advizen en workshops om wer oan it wurk te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)