Ynbrekker pakt troch motorrider maresjesee

17 feb 2016 - 10:52

In motorrider fan de maresjesee hat tiisdei yn Snits in 26-jierrige ynbrekker oanhâlden. De fertochte komt út in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

De plysje hie in grutte syktocht opsetten, nei't de bewenster fan in hûs oan de Alde Oppenhusterwei der achter kaam dat der by har ynbrutsen wie. Doe't se thús kaam seach se in man op in brommer fuortriden.

Har hûs wie iepenbrutsen en hielendal trochsocht. Se joech it sinjalemint fan de man troch oan de plysje. De motorrider fan de maresjesee seach de ynbrekker riden op de Pieter Zeemanstrjitte. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)