Winkeliers De Drift benaud foar omsetdelgong

17 feb 2016 - 10:23

Winkeleigeners oan De Drift yn Drachten binne benaud de kommende moannen minder omset te draaien. Ofrûne moandei binne yn it winkelgebiet wurksumheden oan de iepenbiere romte úteinset.

It giet ûnder oare om de oanlis fan diken en de oanlis fan grien. Dizze aktiviteiten soargje derfoar dat it gebiet minder goed tagonklik is. De gemeente sil omliedingrûtes mei buorden oanjaan. It wurk oan De Drift moat heal maaie klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)