Kollum: "Deafonnis"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"Guon lju yn Fryslân binne dwaande op de eigen Fryske wize de flechtlingeproblematyk foar it regear op te lossen. Gewoan in went yn elk doarp beskikber stelle. Lit de flechtlingefamylje dêr har eigen stâl en gerak krije. Guon ha in soad help nedich, dat docht it doarp. Guon rêde harsels samar en stean fan ’t simmer al tige entûsjast by de doarpsoptocht of ledekeatspartij. No waard ik noch wat omheech helle, as wie’t myn idee.
Dat is it net, it is gewoan tinke oer hoe soene je dat hjir yn Fryslân dwaan moatte. It is aardich dat soks in begjin krijt yn Wiuwert en Jorwert, mar we ha hjir rom 400 doarpen. Kom op. Elk in gesin fan 4,5. De gruttere doarpen wat mear huzen. Dan binne de earste 2.500 flechtlingen te plak yn Fryslân. Je moatte it fierder ek oan de minsken sels oerlitte. Guon flechtlingen fine soks moai, prima. Oaren wolle leaver yn grutte flechtinge-ienheden yn gruttere plakken sitte, ek prima.
Inkeld seit Jacques Monasch dit wykein dat dy azc’s telâne komme yn gebieten oan de ûnderkant fan ús mienskip. No wol ik Wytmarsum dêr fuort net ta rekkenje, mar yn de rest fan it lân is it miskien wol sa, as Jacques it seit. Hy waard aloan ynterviewd yn it wykein nei in ynterview yn de Ljouwerter krante troch Saskia van Westhreenen. Sjoernalisten bepale wêr’t oer praat wurdt, Saskia. Stom fan mysels, tocht ik al doe’t ik it lies, ik kin de libbensskiednis fan Jacques, dizze 'move' hie ik ferwachtsje moatten.
Jacques Monasch wennet yn Snits. Goed ynboargere. Hy is winterdeis in kear as fjouwer de lieder fan it Gesprek van Sneek by Vellinga op de Feemerk. Gesellige sneintemiddeis, ik kin net oars sizze dat Jacques dat bêst aardich docht. Mar ik ha muoite om sa no en dan de bek net iepen te skuorren en sis: "Do witst alles fan Oekraïne, hoe moatte we no stimme by dat referindum aanst, kin we it dêr net oer ha?" Dat sil grif kinne, mar net sneintemiddeis by Vellinga.
Saskia fertelde ús dat Jacques Monasch syn nocht hat fan de bende fan fjouwer. Wy wisten net fan it bestean, mar it skynt dat Samsom, Asscher, Dijsselbloem en Spekman yn it Kremlin sitte en kedize oer it stimfolk wat dêrtroch wer aardich ôfnimt. Fjouwer man dy’t tefolle mei de holle yn Europa sitte, te min yn de eigen mienskip. Dat meie je fine as Keamerlid. Lit dat dan ek sjen. Ast tinkst dat se tefolle efter Merkel en de NAVO oanrinne, stim dan in kear tsjin. Lutz Jacobi stimt tsjin it sjitten op Syrië en as je sjogge wat dat hjoed-de-dei teweech bringt, hat se gelyk. Dat hat se net altyd, want se seit no dat it ûnferstannich fan Jacques is om no twastriid te siedzjen, dat moat earst yntern. No Lutz, dan krije je de minsken nea wer yn it stimhokje.
Jacques Monasch hat in soad betsjutten yn de PvdA. Ja hy is ambisjeus, mar hy wurke yn binnen- en bûtenlân wol keihurd foar in mienskiplik sosjaaldemokratysk gefoel. Hy wie foar it oare Poulidor, altyd twadde. Krekt gjin listlûker op de Europeeske list. Moast in kear as kampanjelieder oan de kant. Moast nei Fryslân ferhúzje om Keamerlid wurde te kinnen. Ferlear krekt as Lutz de ferkiezing fan PvdA lieder. Mar syn boeken en artikels oer de PvdA hingje yn de etalaazje. En it is absolút ferstannich fan Jacques om no dy bongel te smiten. Fansels, hy tekene syn deafûnis. Op in list dêr’t de bende fan fjouwer foarop rint, komt de namme Monasch aanst net mear foar. Dus dat ynterview mei Saskia wie bedoeld as: Ik set der in streek ûnder, wurd Prins Oeletoeter yn Snits, mar ik wol noch al efkes âldehoere.
En dat âldehoeren bringt my en in soad oaren no oan it wankeljen. As ik Jacques goed begryp is de PvdA inkeld noch dwaande foar heech opliede minsken, wêrby't de top alle ûnrant ôfskood nei de ûnderkant fan de mienskip. Dat soe betsjutte dat wy ús âlde SDAP gefoel, wat wy hjir krekt yn Fryslân noch hienen, hielendal kwyt binne. Kin wy dêr oare kear yn it Gesprek van Sneek net efkes oer diskusjearje Jacques?"