Knoeid mei kenteken auto
De plysje hat freedtejûn yn Dokkum in auto yn beslach naam dy't nei alle gedachten 'omkat' is. Dat wol sizze dat de auto in oare identiteit krigen hat, mooglik om't er stellen is. It gie om de auto fan in man (44) út Jistrum. Op de auto sieten oare kentekens as wat yn de ruten graveard stie. De plysje docht ûndersyk nei helen en ferfalsking fan it sjassynûmer.