Ynbraak by telekomwinkel Optie1 yn Surhústerfean

17 feb 2016 - 08:24
  • Flinke skea by Optie1 yn Surhústerfean

Telekomwinkel Optie1 oan de Kolk yn Surhústerfean is woansdei ticht, nei't dêr tiisdeitenacht ynbrutsen is. Op foto's is te sjen dat der by de ynbraak in soad skea ûntstien is. De ynbrekkers hawwe glêzen fitrines stikkenslein. De skea kin yn de tûzenen euro's rinne. It falt ta hoefolle guod der stellen is.

De keten is faker it mikpunt fan ynbrekkers. Begjin febrewaris wiene der ynbraken yn fêstigings op 'e Lemmer, Urk en yn Emmeloord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)