Gaslucht yn hûs Berltsum

21 apr 2012 - 14:13

In man (44) út Berltsum is freedtejûn oanhâlden om't er de gaskranen yn syn hûs iependraaid hie. Omwenners oan de Vermaningstrjitte warskôgen de helptsjinsten dat it nei gas rûkte om it hûs hinne. Se wiene bang dat de bewenner net goed wurden wie. De brânwacht helle de man út syn hûs. Nei ûndersyk die bliken dat de man yn de keuken mei it gas knoeid hie. De man is oanhâlden op fertinking fan brânstichting. De man makke in ferwarde yndruk en dêrom is der in dokter by him roppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)