Ljouwerter F16's bombardearje foar it earst IS yn Syrië

16 feb 2016 - 19:24

F16's út Ljouwert hawwe tiisdei foar it earst bommen op doelen fan terreurgroep IS yn Syrië smiten. It ministearje fan definsje meldt dat der sawat tsien missys útfierd binne boppe Irak en it easten fan Syrië.

Dêr moatte de F16's taktyske lokaasjes fan IS útskeakelje lykas kommandosintra, trainingskampen en fabriken dêr't bermbommen makke wurde. De Twadde Keamer joech ferline wike tastimming foar de bombardeminten op Syrië. De F16's fan Ljouwert fleane fan in basis yn Jordanië ôf.

Dêr bliuwe se noch oant july, dêrnei nimt België it fan ús oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)