Frou út baarnend hûs helle

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtenacht in frou (37) rêden út in baarnende wenning oan de Tweede Koestraat yn Ljouwert. Buorlju warskôgen de brânwacht dat se in brânlucht rûkten en it alaarm hearden. Doe't de plysje oankaam, lei de frou noch te sliepen, wylst de brânmelder ôf gie. De brânwacht ûntduts dat de waskdroeger yn brân flein wie. De frou koe rêden wurde, har hûs rûn reekskea op.