Iepen dei provinsjehûs

21 apr 2012 - 13:59

Sa'n 1600 besikers kamen sneon ôf op de iepen dei fan it provinsjehûs. Sy koene it fernijde gebou oan de Twabaksmerk yn Ljouwert besjen en genietsje fan it útsjoch op de boppeste ferdjipping. Ek koene se yn de restaurearde steateseal en de wurkromtes fan de deputearren sjen. Minsken wurdearje dat it âlde gebou en de nijbou by elkoar komt yn it ûntwerp fan arsjitekt Sjoerd Soeters. De provinsje hie rekken hâlden mei 3000 minsken, mar is tefreden. Sneon 12 maaie is de twadde iepen dei. De offisjele iepening is 22 maaie mei keninginne Beatrix.

Trefwurden: 
provinsjehûs iepen dei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)