Provinsje jout jonge boeren subsydzje foar duorsumens

16 feb 2016 - 17:03

Jonge boeren dy't duorsume oanpassings yn harren bedriuw trochfiere wolle, kinne yn oanmerking komme foar provinsjale subsydzje. De provinsje hat hjirfoar fiif ton beskikber steld. Itselde bedrach komt fan Europa.

De oanpassings kinne ûnder oaren in ferbettering fan it miljeu of it bistewolwêzen betsjutte. De subsydzje kin tusken 1 maart en 15 april oanfrege wurde. Boeren dy't jild ûntfange wolle, meie net âlder as 41 jier wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)