Fúzjegemeente Waadhoeke wol eigen sosjale tsjinst yn 2020

© ANP
De trije gemeenten dy't yn 2018 opgean yn Waadhoeke, wolle in eigen sosjale tsjinst. Op dit stuit binne Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt noch oansletten by de sosjale tsjinst Noardwest-Fryslân. Se fine lykwols dat de taken fan in sosjale tsjinst sa ticht mooglik by de gemeente lizze moatte en dat se dêrom troch dy gemeente sels útfierd wurde moatte.
Dat slagget net al per 2018, de gemeenten gean der fanút dat it twa jier letter, dus 2020 wurdt.
It giet foarearst om in foarstel, de ôfsûnderlike gemeenterieden moatte der noch in beslút oer nimme. Hoe't it mei de oare gemeenten komt dy't by de sosjale tsjinst oansletten binne, is net dúdlik.