Gemeente en omwenners starte renovaasje Molenplein It Fean

16 feb 2016 - 15:30

Mei it fuortheljen fan de earste balstiennen is op It Hearrenfean it wurk oan it Molenplein begûn. Op it plein wurdt ûnder oaren in ûnderkommen boud foar twa supermerken. Ek komt der parkearromte. 

Jan Achttien wie ien fan de minsken dy't by de starthanneling belutsen wie. Hy wennet neist it plein en wurke 35 jier lyn mei oan de oanlis fan it hjoeddeiske plein. It wurk oan it plein wurdt in fazen dien, sadat der sa min mooglik oerlêst is.

Oantreklik en tagonklik

De gemeente Hearrenfean fûn dat it nei 35 jier tiid wie om it Molenplein op te knappen. “Voor zowel bezoekers als ondernemers is het belangrijk dat het centrum aantrekkelijk en toegankelijk blijft. De verbouwing van het Molenplein komt hieraan ten goede", sei wethâlder Siebren Siebenga fan de gemeente Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)