Fierljepperijen De Jouwer skrast fan wedstriidkalinder

16 feb 2016 - 15:24
  • Tim Ebbing trainer by fierljepklup De Lege Wâlden fan De Jouwer

De Jouwster fierljepferiening De Lege Wâlden organisearret dit jier gjin wedstriden foar de fierljepkompetysje. De akkommodaasje is út de tiid en driget ôfkard te wurden. Der is gjin jild foar renovaasje. En dêrom is besletten om de wedstriden werom te jaan oan it Frysk Ljeppers Boun.

Foaral it sânbêd moat eins sa gau as mooglik ferfongen wurde. Neffens trainer Tim Ebbing fan de Jouwster fierljepferiening bliuwe de gefolgen foar de feriening foarearst beheind.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)