Ynnovaasjekluster Drachten siket technyske studinten

Ynnovaasjekluster Drachten, in gearwurking fan 13 High Tech bedriuwen, siket technyske universiteitsstudinten. Dêrom binne se takom wike te finen op de beurs dy't Universiteit Twente organisearret op de kampus yn Enschede.
Op de beurs stean 150 bedriuwen. Omdat de Drachtster bedriuwen net beskikke oer grutte budzjetten, lykas Shell, moatte se kreatyf wêze. Se binne dêrom in Facebook-aksje begûn foar de studinten fan Universiteit Twente. By ynnovaasjekluster Drachten binne op dit stuit sa'n 100 fakatueres.