Tjalling van der Goot nominearre foar advokatefakpriis

Advokaat Tjalling van der Goot © Omrop Fryslân
Advokaat Tjalling van der Goot fan it kantoar Anker en Anker is nominearre foar de titel 'Meest gewaardeerde advokaat van ons land'. De ferkiezing is in inisjatyf fan Advocatie.nl. Der binne trije kandidaten. Op 15 maart wurdt de winner op in kongres bekend makke.
Neffens de organisaasje wurdt Tjalling van der Goot troch syn fakgenoaten wurdearre om syn saakkundigens en yntegriteit. Foarich jier gie de titel nei Wim Anker.