Ald-wethâlder Karel Helder: "COA pakt opfang ferkeard oan"

16 feb 2016 - 11:54

It COA pakt de opfang fan flechtlingen yn ús lân ferkeard oan. Dat fynt Karel Helder, âld-wethâlder fan Wûnseradiel, de eardere gemeente dêr't Wytmarsum yn lei. Yn Wytmarsum sille no, krekt as yn Helder syn tiid, flechtlingen opfongen wurde.

Doe't Helder der wethâlder wie, sa'n 15 jier lyn, ferrûn de opfang harmonieus. Neffens him kaam dat foaral om't ien en oar doe fan ûnder op organisearre waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)