Plan foar nij ekspertizesintrum foar âldereinsoarch

© Omrop Fryslân
Sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean, Ouderen Psychiatrie Friesland en soarchgroep Alliade hawwe de ambysje in nij ekspertizesintrum foar âlderein op te setten. De trije organisaasjes binne dêrom in gearwurking oangien.
Yn dit sintrum wurdt yn de takomst klinyske, polyklinyske en ambulante soarch oanbean en der komt in sûnenssintrum. Troch de krêften te bondeljen kin neffens in wurdfierder fan de Tjongerskâns de bêste soarch jûn wurde.