UPDATE: Ferwûne by brân yn GGZ-klinyk op It Hearrenfean

Brân yn de GGZ-klinyk de Sânhichte op It Hearrenfean © De Vries Media
By in brân yn de GGZ-klinyk de Sânhichte op It Hearrenfean is moandeitejûn in bewenner ferwûne rekke. Der bruts tsjin alven brân út yn de ynstelling. Meiwurkers fan de Sânhichte en in ferpleechkundige fan it neistlizzende ferpleechhûs Anna Schotanus ha fluch hannele en de earste opfang dien.
It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs. It foarfal hat djippe yndruk efterlitten op it personiel en de oare bewenners. GGZ Friesland start in ûndersyk nei de tadracht fan de brân.