Fytster (64) slimferwûne by oanriding mei auto yn Hallum

In 64-jierrige fytster út Hallum is tiisdeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding mei in auto op de Doniawei yn Hallum. De bestjoerder is in 24-jierrige frou út Hallum. It ûngelok barde om healwei njoggenen hinne.
De traumahelikopter waard oproppen en de frou is mei ûnkende ferwûnings yn in ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de oanriding.