Stedswyk komt sels mei plan foar bettere smoargensskieding
Ynwenners fan de Ljouwerter wyk Westeinde hawwe in nij plan om de smoargens better te skieden. Frijwilligers binne moandei begûn ynformaasjepakketten dêroer út te suteljen. Earder woe de gemeente in proef dwaan mei konteners ûnder de grûn, mar dêr woene de ynwenners net oan. Se makken harren soargen oer smoargens njonken de konteners en sleperij mei de jiskepûden.
Ynwenners hawwe no sels in plan betocht. It is de bedoeling dat elke ynwenner it kommende jier 61 kilo minder smoargens yn de grize kontener smyt.