"Mear ljippen, mar foar aaisykjen feroaret foarearst neat"

15 feb 2016 - 19:57

Foarsitter Rendert Algra fan it bûn fan Fryske fûgelwachten BFVW is net fernuvere dat yn lân mei agrarysk natuerbehear yn 2015 mear ljippen teld binne. Mar dat it 40 persint mear binne, hie er net tocht.

Algra it bliid mei de taname. Foar it aaisykjen betsjut it foarearst neat. Dêrfoar binne de sifers fan it ûndersyksburo Altenburg en Wymenga - dy't moandei bekend waarden - te ynsidinteel. Allinnich as oer in langere perioade sprake is fan in taname fan it tal ljippen feroaret der wat, seit Algra.

Algra sjocht úteinlik it meast yn ûndersyk dat antwurd jout op de fraach hokker ynfloed it aaisykjen hat op de ljippestân. Hy is derfan oertsjûge dat dit geunstich útpakke sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)