Froukje Kits sjongt foar soldaten yn Afganistan

15 feb 2016 - 19:45
  • Froukje Kits (rjochts)

De Ljouwerter sjongeres Froukje Kits is wend om mei har band Boulevard nei alle úthoeken fan ús lân te reizgjen, mar in reiske nei Afganistan is wol hiel wat oars. Dochs stie dat ôfrûne wykein op it program. Mei twa kollega’s waard Kits troch definsje boekt foar in feestjûn op Kamp Marmal yn it noarden fan it lân. Dêr sitte op it stuit noch 1600 militêren út santjin lannen wêrûnder hûndert út Nederlân. Se binne dêr om de lokale soldaten by te stean en op te lieden.

De trije moasten in soad feilichheidsmaatregels treffe. Se krigen ek in listje mei fersyknûmers. Tema fan de feestjûn wie ‘foute muzyk’. Sa kaam it dat net allinnich ús militêren, mar bygelyks ek Armenen op Hollânske karnavalskreakers yn de polonêze rûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)