F16's oefenje tanke yn de loft

21 apr 2012 - 12:11

It tanken yn 'e loft troch F16's wurdt oefene mei Frisian Flag. Dy ynternasjonale oefening is dizze dagen op 'e fleanbasis yn Ljouwert. In spesjaal tankfleantúch, de KDC-10 út Eindhoven, wurdt brûkt om it tanken boppe de Noardsee te oefenje.
Der is by de oefening sa'n 21.000 liter brânstof yn 'e loft bytankt troch tolve F16's. It tanken wurdt mei in slang fan tsien meter dien en gebeurt mei in snelheid fan 575 kilometer yn de oere. Alles wurdt oanstjoerd fanút it fleantúch mei kamera's.

De ynternasjonale oefening Frisian Flag duorret oant en mei 27 april.

Trefwurden: 
Frisian Flag F-16
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)