Flylanner komt mei nij produkt: bunkertsiis

15 feb 2016 - 18:10
  • Bunkertsiis

Flylân hat in nij streekprodukt: bunkertsiis. De tsizen hawwe te rypjen lein yn in spesjale bunker. De earsten tsizen komme sneon boppe de grûn.

Kij binne der net op it eilân, dat de molke komt fan de fêste wâl. Mar neffens de tsiismakker giet it dochs om in echt eilânprodukt. Want it rypjen fan de tsiis is like belangryk as it meitsjen fan de tsiis sels. De tsizen wurde alle dagen omdraaid, poetst en fersoarge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)