Winkels V&D's noch wol oardel moanne ticht

15 feb 2016 - 17:22
  • V&D

De winkels fan V&D bliuwe nei alle gedachten noch wol oardel moanne ticht. Dat seit de wurdfierder fan de kuratoaren fan de winkelketen. Sels as ûndernimmer Roland Kahn der letter fan 'e wike yn slagget in trochstart te forsearjen, duorret it noch in hiele tiid foardat de winkels wer iepen kinne.

De kuratoaren en ferhierders fan de gebouwen ûnderhannelje mei mooglike ynvestearders. Om derút te kommen is trije dagen útstel oanfrege by de ferhierders.

Undernimmer Roland Kahn, bekend fan ûnder oaren CoolCat, wol mei sawat 45 fêstigings fan V&D fierder. Oft V&D yn Ljouwert dêr ek by sit, is by Martijn den Heijer fan fakbûn CNV net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)