Wer Keamerfragen oer ôffaloven REC yn Harns

De ôffaloven yn Harns
GrienLinks stelt Keamerfragen oan steatssekretaris Dijksma oer de útstjit fan de ôffaloven REC yn Harns. De Twadde-Keamerfraksje wol witte oft de Inspectie voor Leefomgeving en Transport op de hichte is fan de saak. En sa net, oft de steatssekretaris de ynspeksje opdracht jaan wol nei de oven te sjen. Oare fragen gean oer de net filtere útstjit fan dioksine, fia de saneamde 'bypass', en oer meters dy't net goed wurkje en ferkeard pleatst binne.
Earder stelde PvdA-Twadde-Keamerlid Lutz Jacobi ek al Keamerfragen oer de REC.
"Salang't wy net alle gegevens krije, kinne wy as folksfertsjintwurdigers net ús taak dwaan en ynstean foar de folkssûnens. It is te gek foar wurden. Wy wurde fan it kastje nei de muorre stjoerd", seit GrienLinks-steatelid Retze van der Honing.
Sawol Omrin as de provinsje wolle net de rûge temperatuergegevens jaan. Dy wolle ferskate partijen hawwe om te konstatearjen oft der struktureel op te lege temperatuer ferbaarnd wurdt of net. By de lege ferbaarning komt de giftige stof dioksine frij.
Neffens it kolleezje fan deputearre steaten is it genôch dat de provinsje sels streekrjocht yn de REC de temperatuer sjen mei. It is net nedich om dy mjitgegevens mei tredden te dielen. De REC is dat ek net ferplichte, sa lit kommissaris fan de Kening John Jorritsma GrienLinks yn in brief witte.