Taart fan de minister foar Fryske skoallen

Twa Fryske skoallen stean heech yn in lanlike list foar de bestriding fan te iere skoalútfal. Dan giet it om learlingen dy't sûnder diploma fan skoalle gean. Op de list fan it ûnderwiisministearje stean it Friesland College en it Nordwin College op it tredde plak. It Friesland College stiet op in list fan ROC's en it Nordwin College op in list fan AOC's.  De skoalútfal op it Nordwin is mei 44% sakke en op it Friesland College mei 24%.
De skoallen krigen moandei taart fan minister Bussemaker foar harren prestaasjes.
De oare Fryske MBO-skoalmienskip, de Friese Poort, docht it ek better as it lanlik trochsneedsifer.