Undernimmers Wommels kritysk oer opfang flechtlingen yn Resi

15 feb 2016 - 15:35

In groep ûndernimmers yn Wommels is ûntefreden oer de beslútfoarming oer de komst fan flechtlingen nei it eardere gebou fan Resi Wonen. Yn it gebou soenen tusken de hûndert en trijehûndert flechtlingen ûnderbrocht wurde moatte.

De ûndernimmers fiele har net serieus nommen yn de beswieren dy't se dêr tsjin hawwe. Se freegje har ôf oft de riedsleden wol goed neitocht hawwe oer de gefolgen fan sa'n opfang. Moandeitejûn sil de ried fan Littenseradiel in beslút nimme oer de oanfraach fan it COA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)