Oanfal tiger: toerist wie gast fan Friezinne yn Nepal

De 33-jierrige man út Dedemsvaart dy't yn Nepal troch in wylde tiger oanfallen waard, siet yn it hostel Bardia Homestay fan Sonja Rusticus út Ljouwert en har Nepaleeske man. De toerist en syn gids binne yn it Bardia National Park nei alle gedachten te ticht by de jongen fan de tiger kaam, wêrnei't de mem oanfoel.
Troch yn in beam te klimmen koe de toerist him rêde, wylst de gids de oandacht fan it bist besocht ôf te lieden. Doe't hy de Nederlanner dêrnei wer opsocht, waard de gids oanfallen, seit Rusticus.
Bamboestôk
Mei in bamboestôk besocht de gids de tiger fan him ôf te slaan. Hy waard dêrby holpen troch in oare gids dy't yn de buert wie. Beide Nepalezen koene doe yn in beam klimme en de help ynroppe fan it parkmanagement. Nei sa'n twa oeren koene de trije manlju fuortkomme. De Nederlânske toerist kaam mei de skrik frij. Syn gids rekke ferwûne, mar is net yn libbensgefaar. 
 
Neffens Rusticus bart it eins noait dat in tiger in minske oanfalt. Yn de ôfrûne tweintich jier wie dat net mear foarkaam yn it gebiet. Yn it Bardia National Park binne 50 oant 60 tigers.