Feanster frijwilligers 'Gezinsmaatjes' krije sertifikaat

Acht frijwilligers krije moandeitemiddei yn wyksintrum De As op It Hearrenfean in sertifikaat útrikt foar har dielname oan it projekt 'Gezinsmaatjes'. Dat is in gearwurkingsprojekt fan de gemeente en it Frijwilligers Servicepunt fan Caleidoscoop. Yn fjouwer deidielen binne de frijwilligers traind yn hoe't sy húshâldens coache kinne dy't wol wat help brûke kinne, Bygelyks by it ûndernimmen fan aktiviteiten mei de bern of it fergrutsjen fan it sosjaal netwurk yn de wyk.
Gezinsmaatjes is in pilotprojekt. De frijwilligers binne noch net oan famyljes ferbûn, mar dat sil ynkoarten al barre. Ien fan de frijwilligers is Ruben ter Haar. Hy sit tusken twa banen yn en socht dêrom in nuttige ynfolling fan de tiid dy't er no oer hat. Sels is er heit en dêrom fynt er it aardich om ek wat foar oare bern te betsjutten. Janneke de Jong is koördinator fan it projekt en hat tegearre mei in oare frou de kursus sels opset. Ek hat se de training jûn.