Darter Danny Noppert pakt syn earste ynternasjonale titel

Danny Noppert © Omrop Fryslân, Mats Gies
Darter Danny Noppert hat snein yn it Skotske Glenrothes de earste ynternasjonale titel fan syn karriêre behelle. De Jouster wûn yn de finale mei 6-0 ienfâldich fan Dean Reynolds út Wales. Yn de heale finale sette de 25-jierrige darter mearfâldich wrâldkampioen Ted Hankey al oan 'e kant. De Jouster spile it hiele wykein konstant en kaam op it poadium gemiddeld net ûnder de hûndert punten.
Troch syn winst yn Skotlân en it finaleplak op it Dutch Open twa wike lyn, docht Noppert goeie saken mei it each op in plakje by de Lakeside fan 2017.
De Jouster stiet yntusken rûn it tweintichste plak op 'e ranglist fan it BDO-bûn. De bêste 22 manlju pleatse harren yn prinsipe streekrjocht foar it offisjeuze wrâldkampioenskip yn it Ingelske Frimley Green.