Alle bewenners ûntplofte flat Drachten hawwe nije wenromte

15 feb 2016 - 11:45

Alle bewenners fan de flat oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten hawwe op it stuit in nij wenplak, dat meldt wenningkorporaasje Accolade. Sa'n 38 apparteminten fan de korporaasje rûnen ein desimber grutte skea op by in gaseksploazje, wêrtroch de bewenners net mear yn har appartemint wenje koene. De korporaasje hat ôfrûne jannewaris alle bewenners in wenning oanbean, mar doe gong noch net elkenien akkoart.

Accolade seit no dat de bewenners net mear útfanhûzje by famylje of yn it hotel, mar úteinlik wol akkoart gien binne mei in eigen wenning fan de korporaasje. Ek al hat elkenien no plak, dochs wol in tal bewenners noch op syk nei in oar wenplak om't sy bygelyks in keaphûs hawwe wolle.

Oftimmere

Ek binne de seis apparteminten fan de flat dy't it swierst troffen wiene, yntusken sloopt. It part oan de Noardkade, mei sa'n tweintich wenningen, is op it stuit ôftimmere sadat gjin ien der mear yn kin. De bewenners hawwe earder dizze moanne harren guod al út de wenningen helle. 

Accolade is der noch net út oft de hiele flat sloopt wurde moat, mar seit dêr sa gau as mooglik dúdlikheid oer te jaan. Ut ûndersyk moat noch bliken dwaan oft de konstruksje noch goed genôch is om in part wer op te bouwen.

Mear guod werom

Bewenners fan it blok oan de Nachtegaalstrjitte hawwe ynkoarten de mooglikheid om fia de gemeente noch mear guod werom te krijen út harren wenningen. Accolade seit dat mei it slopen fan de wenningen safolle mooglik rekken hâlden is mei it sortearjen fan it pún en it guod fan de bewenners yn aparte konteners. Hjir kinne de bewenners kontakt oer opnimme mei de gemeente. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)