V&D moandei en tiisdei ticht foar ynventarisaasje

15 feb 2016 - 11:09
  • V&D Ljouwert

De winkel fan V&D yn Ljouwert bliuwt moandei en tiisdei ticht. Ek de oare fêstigingen fan de winkel hâlde de doarren dizze beide dagen sletten. Dat hawwe de kuratoaren fan 'e moarn melden. De V&D-winkels bliuwe ticht om de foarrieden te ynventarisearjen.

De kuratoaren en ferhierders fan de gebouwen ûnderhannelje op it stuit mei mooglike ynvestearders. Dat binne Cool Investments en Hudson's Bay.

Elkenien gie der fanút dat der moandei al oerienstimming tusken partijen wêze soe, mar de kuratoaren ha trije dagen útstel oanfrege by de ferhierders. In trochstart fan de V&D is in 'komplekse puzel dy't op dit stuit noch net lein wurde kin', sa sizze de kuratoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)